Annika van Zelm

Yn de winter fanatyk reedride en yn de simmer lekker skeelerje. Annika van Zelfm (12) út Wommels is bearefanatyk en goed yn beide sporten. ‘Se passé ek prima byinoar, dat makket it sa moai!’

Doe’t Annika as famke fan jier foar it earst in pear skeelers krige, steke se fuortendaliks fuort. En sa gong dat ek mei it reedriden. ‘Ik fyn beide sporten like leuk’, glimket se.
Yn de winter is Annika op redens te finen yn Thialf en yn de simmer traint se op de skeelerbaan van sportkompleks Schuttersveld yn Snits. ‘As it skeelerseizoen ôfrint, dan ha ik sin om te reedriden. En as it reedrydseizoen hast foarby is, dan ha ik wer nocht om lekker bûten te skeelerjen. De perfecte kombinaasje.’