Bente van Dam

Elke tongersdeitejûn is Bente van Dam (10) út Ljouwert op it keatsfjild te finen. As der in baltsje heech troch de loft fljocht, is de kans grut dat dat fan Bente komt. ‘Uitslaan kan ik als de beste.’

Al trije jier keatst Bente by keatsferiening Sonnenborgh yn Ljouwert. Dat begûn doe’t freontsjes en freondintsjes fan har basisskoalle op keatsen gongen. Bente har pake keatste eartiids ek, mar famylje dy’t bûten Fyslân wennet, hie noch nea fan dizze sport heard. ‘Ik moest aan mijn nichtje uitleggen hoe het werkt’, laket Bente.
Yntusken hat ek har heit de smaak te pakken. ‘Samen met mijn vader heb ik meegedaan aan de kin-ouderpartij en we werden zelfs tweede. Ik vond dat mijn vader het goed deed voor de eerste keer.’