Jelmer de Groot

Jelmer de Groot (10) út Starum hat mar ien winsk: sels ek skûtsjesiler wurde op de “Súdwesthoek”. Net sa friemd, want Jelmer komt út in echte skûtsjfamylje.

Jelmer syn heit Jan is fokkenist op it skûtsje fan Starum, syn omke Auke is de skipper en syn neef Meindert is ranjajonge by de roef. Jelmer kin net wachtsje om sels ek te farren. Oant dy tiid folget er de skûtsjewedstriden op it grutte folchskip.
‘It moaiste fan it skûtsjesilen fyn ik de gesellichheid sa meielkoar’, fertelt Jelmer. ‘Der is fansels striid tusken de skûtsjes op it wetter, maar op ‘e wâl kin elkenien goed meielkoar. En der binne in hiel soad bern by, dat makket it sa leuk.’