Tirza Boschma

Yn opperste konsintraasje klimt Tirza Boschma (12) út Drylts nei it topke fan de fierljepstok en hipt dan mei in sierlike sprong yn it sândbêd. ‘Fierljeppen is it moaiste dat der is’, laket se.

Tirza wie 8 jier âld doe’t se foar it earst yn de polsstôk klom. Twa jier letter waard se Nederlânsk en Frysk kampioen. Yntusken stiet har persoanlik rekord op mar leafst 12,09 meter.
‘It moaiste fyn ik om sa heech mooglik yn de pols te klimmen en dan te besykjen om sa fier mooglik te springen. Dat jout echt in kick.’ Fansels plûmpt Tirza ek wolris yn it wetter, mar sa’n ‘nat pak’ fynt se hielendal net slim. ‘Dat drûget wol wer!’